...

Eeltsje Hettinga 24/10/2019

De Campus

Wat ferlern gong, komt soms yn oare
foarmen en oare gesichten werom,
sa’tst hjirre bytiden de skynsels hearst fan

boeren, skippers en oar hantsjebakkend
hannelsfolk, in slaan – klèts – lykas bûten
de kletterjende fontein Mercurius.

Somtiden ek, op simmerdagen as hjoed,
kinst op it dak, dêr’t in hurdstiennen klok
de himel hammeret, Frjentsjer lizzen sjen.

In slach djipper ûnder tiid syn tillende
kimen sjochst it skele each fan de stege
godsfanger hear Maccovius, drinkend

yn de Bogt fan Guné, mei syn sweager
Rembrandt en, pimpeljendewei, in swik
Hongaarske studinten deromhinne.

Somtiden komt yn oare foarmen en
oare gesichten werom wat ferlern gong:
dit lân dat op ’e nij in universiteit wûn,

no, farrende ûnder Grinzer flagge,
de namme yn it Ingelsk tsjin de gevel.
Dêr’t de klok langeroan oare talen en

oare tiden wiist, gûlt fierderop in hûn
yn de gong fan de Fryske Akademy.
Fan stimmen swier hjoed it swurk boppe

it Wilhelminaplein. Yn grand kafee Z
seit it fjouwer talen pratende famke
út Budapest: Jawis, studinte bin ik,

mar suster ek fan âlde faganten, ay,
wûnderlik binne hjir de spoaren fan
de Campus, und fabelhaft die Fabelstadt.

 

 

Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier en wit it grutte publyk te finen en te binen mei syn of har poëzij. By grutte foarkar yn it Frysk of yn in Fryske streektaal.

De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.

Fan de Dichter fan Fryslân wurdt ferwachte dat hy of sy in oantal kearen yn it jier optreedt by neier oan te wizen gelegenheden.

Opjefte

Op 24 novimber 2017 om 16:00 oere makket deputearre fan kultuer Sietske Poepjes yn de Herman Gorterkerk oan de Raadhuisstraat 27 yn Balk bekend wa’t de earste Dichter fan Fryslân wurde sil. Jo binne hjirby fan herte útnoege, de tagong is fergees. Graach hearre wy fan jo oft jo by de bekendmakking oanwêzich wêze wolle, opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl